Bertus Jans Postma is freedtemoarn ferstoarn yn ‘e âldens fan 93 jier. Postma makke namme as taalstrider en soarge dat ús wetternammen Frysk binne.
Postma waard yn 1929 berne yn Holwert, it doarp dat sûnt dit jier wer offisjeel in Fryske namme hat. Sokke saken makke Postma him ek sterk foar.
Syn grutste súkses hie er yn 2007. Doe waarden troch syn wurk de nammen fan alle wetters yn de provinsje offisjeel Frysk. Yn 2012 die er in fersyk oan Menameradiel om syn nasjonaliteit te feroarjen fan Nederlânsk nei Frysk. Dat slagge net.
Altyd derby
Fan Bitgummole út makke Postma him drok oer de plaknammen yn Waadhoeke. Dy binne noch hieltyd net allegear Frysk of Biltsk.
Hy skreau geregeld nei de gemeente of media, of liet fan him hearre fia Twitter. En at der wat te rêden wie oer it Frysk, wie Postma derby.
“Wy ha him sels mei rolstoel en al by steile treppen opsjouwe moatten, net heal fertroud mar Bertus moast en soe der by wêze”, sa fertelt FNP’er Aant Jelle Soepboer.
Postma is freedtemoarn ferstoarn wilens it lêzen fan ‘e krante, yn Gralda State yn Menaam. Op 13 jannewaris wurdt er begroeven yn Ingelum.