Foto: Omroep Zilt
Piet Lootsma uit Slappeterp was 20 jaar geleden ineens wereldnieuws. Meer dan 200 van zijn paarden kwamen vast te zitten op zee bij Marrum. Wat hij toen zag, maakt nog altijd diepe indruk.
Het is woensdag 1 november 2006, ’s ochtends vroeg, als de telefoon van Lootsma overgaat. “Ik wie oan it melken, toen bellen se fan it Fryske Gea op”, herinnert de Slappeterpster zich.
In de nacht van 31 oktober op 1 november 2006 kwamen meer dan 200 paarden vast te zitten op zee bij Marrum. 25 van hen overleden door verdrinking of onderkoeling.
Zes amazones, waaronder Micky Nijboer, wisten de andere paarden van een dobbe naar vaste wal te krijgen. En de beelden gingen de hele wereld over.
“It liket net bêst, alles stiet hjir ûnder wetter, de hynders bin der wei”, kreeg Lootsma te horen. “At it mooglik is moast sa gau as mooglik komme.”
Na het melken vloog de boer snel naar het Noarderleech. Hij kwam meteen in een drukte van belang terecht.
“It wie allegear minsken en boatsjes, elkenien wie besich. Seachst wol allegear deade hynders tsjin de dyk oanlizzen”, vertelt Lootsma. “Dan giet der wol efkes fan alles troch je hinne. Wat no? Wat is der gebeurd? Hoe kin dit?”
Het werden die spannende dagen voor Lootsma en iedereen die er bij betrokken was. Zeker toen verschillende reddingsacties mislukten.
“De tongersdei hie ik echt it gefoel: en no moat it moarn ek gebeure”, herinnert Lootsma zich. “It kín sa net langer. En gelokkich is it sa bard as it bard is. Dêr wie ik wol hiel, hiel bliid mei.”
Hij is de amazones die het water in gingen nog altijd dankbaar. “Ik fûn it gewoan hartstikke moai dat dy froulju dat dwaan woene. Sokke jonge froulju noch. Wol in waarm gefoel joech dat, dat je der net allinnich foar stean.”

Marrum was in 2006 groot nieuws, de hele wereld keek mee. Dat besef kwam bij Lootsma pas veel later.
“Op dat stuit hast it iets minder yn de gaten, dat it sa grut is. Bist gewoan mei ien ding besich: hoe helje we se derwei, hoe komt it wer goed? Hast net yn de gaten dat it sa grut is en safolle bart.”
De redding zelf maakte Lootsma ook van een heel andere kant mee. “Ik rûn achter de hynders. Mei de brânwacht wiene we mei de boatsjes nei de dobbe tagongen.”
“Dan makkest it hiel oars mei, as ast oan de kant stiest”, vertelt Lootsma. “Letter sjochst de films, dan wist past wat der bard is.”

Al was Lootsma nog lang niet gerust toen de paarden eenmaal op it droge waren. “Toen se op de dyk rûnen wie it noch net klear, se moasten by Germ Visbeek op it lân, toen wie it foar my klear.”
“It koe noch in kear misgean, yn de stekken hingje of dit of dat. Dat se by Germ yn it lân rûnen, dat wie it aldermoaiste gefoel.”
“Dan falt der echt wier in ton fan je skouders ôf. Dat is sa’n… sa’n spanning. En yn ien kear is dat oer.”
Daarna kreeg Lootsma nog wel een klap te verwerken.
“Ien hynder wie de hiele simmer al wat in sukkeltsje, it ferbaasde my dat dy noch op de Oasingadobbe stûn. Ik hie ferwachte dat dat ien fan de earste wie dy’t ferdrinke soe.”
The game is over
Als laatste paard stapte die de vrijdags het water in. “Hy koe net mear, op it ein fan de rit sakke der hast yn elkoar. Toen hat de brânwacht him steund nei de seedyk ta. Dêr plofte er as in puddinkje yn elkoar. Hy wie op, echt op.”
Met een oppepmiddel en warme dekens werd het dier weer wat opgekalefaterd. “Hy gong huppatee stean en rûn de karre yn.” Vol gas werd het paard naar de dierenarts gebracht.
“Hy stapt út de karre en yniens, boem. Hy is dea. Hy hat alles jûn wat er hie en hy is te plak. En the game is over.”
Dat zit Lootsma nog altijd in het geheugen gegrift. “Hoe striidlustich ien wêze kin. It klinkt miskien stom, mar dat seit my noch mear as tweintich deade hynders.”
“Net dat dy hynders der net foar striden hawwe. Mar dit meitsje je mei, dit sjogge je hoe’t sa’n bist striid. Dat hat my wol grepen.”
Nu 20 jaar later kan Lootsma toch positief terugkijken op de reddingsactie. “It hat wol in bepaalde ympekt hân. Je binne wol âlder wurden dertroch.”
“Der binne in hiel soad dingen dy’t je opnij reitsje. De mieningen fan minsken, hoefolle belangstelling, hoe’t it allegear giet yn de media.”
“Ik kin no wol mei in goed gefoel op wer werom sjen. Mar it hat wol efkes tiid hân.” En nog steeds hebben mensen het over die redding.
“Dat it altyd noch sa leeft, dat it minsken noch besich hâld”, besluit Lootsma. “En Marrum wol it no trochjaan oan de jeugd, dat fyn ik wol hiel spesjaal.”



